Springe nei ynhâld

't Roode Hert

Ut Wikipedy
't Roode Hert
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
plak Alkmar
adres Frieseweg 102
koördinaten 52° 38'N 4° 45'E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje nôtmûne
flecht 24.65 m
boujier 1925
oare ynformaasje
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 7467
Webside
troodehert.nl
Kaart
't Roode Hert (Alkmar)
't Roode Hert

't Roode Hert is in nôtmûne oan 'e Frieseweg 102 yn Oudorp op likernôch 900 m fan it sintrum fan Alkmar.

De yn 1924 ôfbaarnde mûne (ôfbyld út 1902)

De mûne waard yn 1925 boud en is de tredde mûne op itselde stee. De earste mûne baarnde yn 1807 ôf, dy't ferfongen waard troch in mûne út Saandam. Troch it ôfstekken fan fjoerwurk baarde ek dy mûne op 15 septimber 1924 folslein ôf. 't Roode Hert is doe werboud mei gebrûk fan ûnderdielen fan de ryspeller De Witte Klok, in mûne út 1748 dy't súd fan 'e Saanske Skâns stie.

Oan 'e ein fan 'e 20e iuw bestiene der plannen om de mûne likernôch 300 m te ferhûzjen nei it natoergebiet de Oudorperpolder. Dat wie nedich om 't it eardere yndustrygebiet Overstad mei winkels en wenten beboud waard. Dy plannen binne net trochgien, sadat de mûne met mear optimaal funksjonearret troch de heechbou dêr.

Op 17 juny 2010 briek by it meallen de binnenroede, mar troch de swichtstange bleau de roede noch hingjen. Op 19 july dat jier waarden de binnen- èn bûtenroede strutsen, dy't goed twa jier letter troch twa nije roeden ferfongen binne, sadat de mûne wer mealree wie. Dy nije roeden wiene roeden dy't út twa dielen bestien, sadat se termysk fersonken wurde koene mei it foardiel dat se langer meigyngen. Dat nije ûntwerp waard yn 'e rjochtline fan Monumintesoarch opsteld. De berekkeningen foar dy dielbere roeden wiene lykwols net goed en yn 2017 liet de ryksoerheid alle mûnen mei dat systeem stilsette. It duorre oant novimber 2018 dat de 't Roode Hert nije roeden krige, dy't no wer út ien stik besteane en wer mealle koe.

De achtkante reiddutsen stellingmûne op in stiennen ûnderbou ferwurket noch altiten professioneel nôt oant moal. Njonken de mûne is in winkel mei moal- en bakkerijprodukten.

De wjukken ha op de roeden it systeem Van Bussel, de binnenroede is útrist mei Ten Havekleppen. De flecht fan 'e mûne is 24,65 m.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: